• Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

  • De: Terpstra & Hut
  • Podcast

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard  Por  arte de portada

Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

De: Terpstra & Hut
  • Resumen

  • Gabrielle en Arjan begunen harren podcast yn it neijier fan 2021 by Omrop Fryslan. Beiden hawwe in leafde foar de Fryske muzykkultuer, poëzij en films en fertelle hjir graach alles oer. Njonken dat se sljocht binne op dizze ûnderwerpen meitsje se sels ek gedichten, sa wie Arjan stedsdichter fan Ljouwert en is hy no Walddichter fan de gemeente Achtkarspelen en wie Gabrielle festivaldichter op it zingevingsfestival en is se oprjochter en dichter by Pauper Poezie. Om 't Gabrielle en Arjan wurkje fanut harsels fine se it ek nijsgjirrich om sa de podcast te foljen, fanut eigen underfining prate se oer de kultuer dy 't se dy wike meikrigen hawwe en om de belibbing te fersterkjen komt der in gast koart fertellen oer syn optreden / boek / gedicht of film. Sa meitsje se de ranekultuer, lykas de metalscene, yn Fryslan mear sichtber en tagonkliker. De podcast is easy-listening, as sitst mei dyn kulturele freonen yn de kroech en falt der in soad te laitsjen, omdat Gabrielle en Arjan ek fertelle oer har eigen libben, har swierrichheden en harren flaters. De podcast hat in skoft op skoft stien mar is fan no of wer om de wike te beharkjen fia Spotify en Apple podcasts
    Copyright 2023 Terpstra & Hut
    Más Menos
activate_primeday_promo_in_buybox_DT
Episodios
  • Slakken & Soa's
    Jul 20 2024

    Wolkom by ús nije podcastôflevering!

    Yn dizze ôflevering begjinne wy mei in gedicht fan Sipke de Schiffart en beprate wy syn nijste bondel.

    Dêrnei freegje wy ús ôf: wat binne eins ús hobbys?

    Wy ferkenne ek de wrâld fan Asgaard, Arjan fertelt oer syn bysûndere konneksje mei it bisteryk, fan poëzy meitsje mei in hoanne oant it hawwen fan in bijefolk yn syn tún.

    Ha jim it album ' Kuo en Poelier ' al heard? Dy is nammentlik út!

    Dêrneist binne we op syk nei Wietze Numan. Wa is hy en wêrom wolle wy him fine?

    Arjan fertelt it yntrigearjende ferhaal efter syn kies.

    Wy nimme jimme ek mei nei it SOA Festival en beprate de fassinearjende wrâld fan neakenslakken.

    Wat is de lêste juice oer de Drachtster dichters?

    We beprate de film 'Human Centipede' en it bizarre ferhaal oer Dries Roelvink dy't ûntfierd waard foar syn sperma? We ha de details.

    Arjan seach ek de film 'Hors Saison' en Gabrielle in âlde klassiker út de jierren 80

    Arjan dielt in ferhaal oer Abel Oostra. Wa is hy en wat moatte we oer him witte?

    Betanke foar it harkjen en oan de oare kears!

    Más Menos
    58 m
  • Nachtmerje-eftich
    Jul 6 2024

    By de Fryske slam gie it der ferline wike hurd oan ta, de emoasjes rûnen heech op. Yn in boekje út 1946 wurde de foardrachten fan dy tiid beskriuwn as dreech, der wie neat oan. Mar gelokkich kaam der doe in foardraachboekje, wêryn't allinne efternammen brûkt wurde, is dat net wat âlderwetsk?

    Gabrielle tocht terjochte te kommen yn in hoerrepân yn Gluren bij de Buren, mar dat foel ta, wol hie se in nachtmereftich ferbliuw yn Berlyn en moast se ôfsjen yn de bioskoop, mar seach ek it bêste stikje sinema ea Arjan waard just tige ûntspannen yn de bioskoop mar de stuollen wiene wol ferfelend. Wy binne bliid dat John Lennon der net mear is en Arjan lêst in boek dat tige stressfol is.

    Más Menos
    1 h
  • Fean, Hoop & Mankelikens
    Jun 8 2024

    Gabrielle makket har soargen oft se har fakânsje wol oerlibje sil en Arjan's eilândream komt út.

    Yn dizze ôflevering steane wy stil by hoefolle der dizze wiken bard is lykas it ferstjerren fan Hindirk Hannema en by syn libben, mar ek by de ferskate optredens dy't wy hân hawwe.

    Wy lêze ús kollums foar, prate oer de skriuwersarke, coole nije filmklassikers en oer God dy't út Jorwert ferdwûn.

    Arjan fertelt oer it ferbliuw fan writer-in-residence Rasha Khayat út Dútslân yn Ljouwert en Gabrielle oer de schrijfclub. Wy lêze noch in koart ferhaal fan Nicole van den Berg en beprate har wurk, dêr't wy fan binne.

    Ek steane we stil by de nijste hits fan Fryske artysten, der is wer hiel wat sicks útkaam! En alles watst witte wolst oer it bestellen fan oesterswammen mei koarting!

    Fierder: Mankelykens, Slachrjemme mei pyk, Poadium Explore, Goeie.frl, kanoën wylst Bûtenpost oerstreamt, Rink van der Velde priis en Typmasines

    Más Menos
    1 h y 4 m

Lo que los oyentes dicen sobre Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard

Calificaciones medias de los clientes

Reseñas - Selecciona las pestañas a continuación para cambiar el origen de las reseñas.