• Nachtmerje-eftich
    Jul 6 2024

    By de Fryske slam gie it der ferline wike hurd oan ta, de emoasjes rûnen heech op. Yn in boekje út 1946 wurde de foardrachten fan dy tiid beskriuwn as dreech, der wie neat oan. Mar gelokkich kaam der doe in foardraachboekje, wêryn't allinne efternammen brûkt wurde, is dat net wat âlderwetsk?

    Gabrielle tocht terjochte te kommen yn in hoerrepân yn Gluren bij de Buren, mar dat foel ta, wol hie se in nachtmereftich ferbliuw yn Berlyn en moast se ôfsjen yn de bioskoop, mar seach ek it bêste stikje sinema ea Arjan waard just tige ûntspannen yn de bioskoop mar de stuollen wiene wol ferfelend. Wy binne bliid dat John Lennon der net mear is en Arjan lêst in boek dat tige stressfol is.

    Show more Show less
    1 hr
  • Fean, Hoop & Mankelikens
    Jun 8 2024

    Gabrielle makket har soargen oft se har fakânsje wol oerlibje sil en Arjan's eilândream komt út.

    Yn dizze ôflevering steane wy stil by hoefolle der dizze wiken bard is lykas it ferstjerren fan Hindirk Hannema en by syn libben, mar ek by de ferskate optredens dy't wy hân hawwe.

    Wy lêze ús kollums foar, prate oer de skriuwersarke, coole nije filmklassikers en oer God dy't út Jorwert ferdwûn.

    Arjan fertelt oer it ferbliuw fan writer-in-residence Rasha Khayat út Dútslân yn Ljouwert en Gabrielle oer de schrijfclub. Wy lêze noch in koart ferhaal fan Nicole van den Berg en beprate har wurk, dêr't wy fan binne.

    Ek steane we stil by de nijste hits fan Fryske artysten, der is wer hiel wat sicks útkaam! En alles watst witte wolst oer it bestellen fan oesterswammen mei koarting!

    Fierder: Mankelykens, Slachrjemme mei pyk, Poadium Explore, Goeie.frl, kanoën wylst Bûtenpost oerstreamt, Rink van der Velde priis en Typmasines

    Show more Show less
    1 hr and 4 mins
  • Gitaren & Letterfretters
    May 9 2024

    Wy wiene op it befrijingsfestival dêr't Arjan nei hûs gie doe't Gabrielle kaam, Gabrielle fûn Stoflik Omskot geweldich en we freegje ús ôf wêr't de helikopter eins lânet.

    We ha it oer de muzykscene fan de ôfrûne tiid mei oa Esther de Jong, Willy Darktrousers, Drôvich, Kaspar en Electropop mei Sietse van Essen. We ha it oer films yn Slieker, dêr't Arjan ek in ynlieding jaan mocht by The Wasteland

    en we ha literêre roddels en nijtsjes. Komt der in Letterfretterrel? Watfoar nijs hawwe wy oer de stedsdichter fan Ljouwert?

    Show more Show less
    1 hr and 2 mins
  • Blowen en Leauwen
    Apr 24 2024

    Gabrielle wie op poëzietour en Arjan belibbe gaos op 'e nacht fan 'e filosofy. Boppedat wie it op dy dei, 20 april, de dei fan de blower en Record Store Day, falt dat te kombinearjen?

    Arjan seach Esther de Jong optreden yn KingKong en Gabrielle seach Wiebe Kaspers yn de Mollema Music world. Gabrielle fynt it te saai om oer lettertreffen te praten, mar Arjan net, dy spruts dêr mei Nicole van der Berg, dêr't Gabrielle al earder mei op paad wie.

    Fierder: Sokken as sjuerylid, Lil Pier, Fryske Slam nijs, Drachten, Fenix Festival, Woke, Urgent, Intens, Spoken Word, it leauwen, Kopwolven, Liet fan Mysels en Jellum.

    Arjan lêst foar út eigen wurk, Gabrielle út it wurk fan Bokke Buwalda. En as lêste noch in gedicht fan Corrie Joosten

    Show more Show less
    1 hr and 1 min
  • Triennen en Drûge Woarst
    Apr 4 2024

    Gabrielle en Arjan beprate de Drachtster poëzyscene mei poëzy fan Wieger Oepke Lindeboom, kafee Marktzicht en it skriuwersarkje.

    Gabrielle lêst foar út De Beesten fan Gijs Wilbrink en Arjan út List, Lust, Liefde van Sjieuwe Borger.

    Gabrielle hie EMDR en moast dêrtroch gûle yn it skriuwerskafee en Arjan hat soms argewaasje fan ymprovisaasje

    We wiene ek noch op it boekebaltsje, dêr't in soad bekende gesichten wiene en we seagen nochal spannende films.

    Fierder: It moanne-kantoor, Friese Lente, Amai awards, poëzy yn de Bres, dichters-mythen, Ferstival, fjoer, slammen, knokfilms, húslik geweld, Whalt Whitman en nertsen

    Show more Show less
    55 mins
  • Instagram en stedsdichters
    Mar 21 2024

    Ronald Wijnia te gast, hy wie hast stedsdichter, hoe is it dat er it net wurden is? Ek is Ronald in bekend Instagram dichter, Arjan fynt Instagram mar yngewikkeld.

    Ronald sit ek yn de organisaasje fan de AMAI awards, dê 't ûnder oare Mees van Rijswijk en Jaimy HiHaHo (Hindriks) foar nominearre binne.

    Wy krigen post fan dichter Lubbert Jan de Vries en Gabrielle besiket it krigen gedicht foar te dragen, mar dat giet mis, mar dat is de realiteit fan it foardragen

    Arjan gie nei de platebeurd en fûn kristlike metal opdroegen oan abortearre poppen.

    De film Witte Wieven út de searje Koolhoven presenteerd waard sjoen en Gabrielle fûn it net leuk, mar Arjan wol, hy seach ek The Kingdom út.

    Eartiids seagen Ronald, Gabrielle en Arjan rare dingen online of yn tydskriften, hoe gie dat krekt?

    Gabrielle lêst foar út de Fryske ferzje fan it boekewikegeskink fan de Chabotten: gesinsferpakking.

    Gûle wy faak om boeken?

    Fierder: Europapa, Joost Klein, hoe goed kenne wy him? Ha wy wat mei it sjongfestival? Arjan hat in Dúts gedicht makke

    Mei poezy fan Arjan Hut. Lubbert-Jan de Vries en Ronald Wijnia

    Show more Show less
    1 hr
  • Nije tune
    Mar 8 2024

    We hawwe in nije tune, makke troch Wim Brons (of soe it AI wêze kinne?)

    Arjan fynt it foaropwurd fan de Ensafh in bytsje Apocalyptysk en wol dêrtroch graach rolskaatsen keapje. Gabrielle seach Dune 2 en gie nei Centerparcs en hierde dêr in e-bike en fûn yn de ynbringwinkel fan Frjentsjer in moai gedicht.

    Wy prate oer de gefaren fan de stêd Ljouwert, mar ek Frjentsjer blykt gefaarlik te wêzen. fjierder oer it nijste koarte ferhaleboek fan Sipke de Schiffart en oer teletekst, libjend kegeljen en in soad oer fytsen en fansels oer ús húsdieren, jim favorite ûnderwerp!

    Arjan lies ek noch de twa bêste boeken ea: We have always lived in the Castle A confederacy of Dunces.

    Mei poëzy fan Elske Kampen en Herman Finkers.

    Show more Show less
    58 mins
  • Dûnsje en Dichters
    Feb 9 2024

    It wie in drokke poezywike mei in ferstjerren, rapworkshops, in nije stedsdichter en in stuntrit út de grutte gerichtsjûn by It Fean wei.

    Gabrielle wol 3 wiken op de skriuwersark ferbliuwe mar Arjan wol der it leafst sa gau as mooglik fuort. Binne wy in soarte fan Bomans en Wolkers op Rottumerplaat?

    Arjan freget him ôf oft syn gelok op is en foarseit dat er dêrom nea in Gysbert winne sil en Gabrielle sil in boek skriuwe.


    Wy soene graach wolle dat Sigrid Kingma dûnsles oan dichters jaan sil en fierder seagen wy in soad tv. Fan Gijs Groenteman oant de Vaandeldrager 5.

    Arjan sjocht út nei De Moanne wêryn't in soad nij poëzytalint stean sil, lykas Bram Zielman en Ria Walstra.

    Ek it projekt Now is the time to say new things fan Jochem Knoeff is wat om nei út te sjen.

    Wy beprate de bondel Rozige Maanvissen fan Sytse Jansma en lêze ek poezy fan Lans Stroeve en Jacobus Q Smink

    Show more Show less
    1 hr and 3 mins